(Bron: Omrop Fryslân)

Fryske oarlochsferteller Foppe Dupon (96) ferstoarn

Yn syn wenplak Garyp is de 96-jierrige oarlochsferteller Foppe Dupon ferstoarn. Yn de Twadde Wrâldoarloch siet Dupon opsletten yn Kamp Amersfoort. Dêr makke hy ferskriklike dingen mei.

FoppeDupon fotoHayoBootsmaFoppe Dupon - Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De ôfrûne jierren fertelde Dupon syn oarlochsferhaal oan groepen skoalbern. Foarôfgeand oan de deadebetinking soms wol trije kear yn de wike. Faker koe net, dat grypte him tefolle oan.

Ûnderdûkt, besketten en ferret

It oarlochsferhaal fan Dupon beslacht in goed jier. Fan jannewaris 1944 oant de befrijing yn 1945. Dupon siet yn 1944 ûnderdûkt, omdat er net foar de Dútsers wurkje woe.
Op nijjiersdei doart er it oan om in kuierke te meitsjen. Dat rint ferkeard ôf. Hy wurdt besketten troch Dútsers, rekket swier ferwûne yn it sikehûs, dûkt wer ûnder, mar wurdt ferret en fêstnaam.

Klaustrofoby

Nei't er tsien dagen yn de finzenis yn Ljouwert sitten hat, wurdt er oerbrocht nei kamp Amersfoort. Dêr makket er ferskriklik wrede dingen mei. Hy is dan ek bliid as er te hearren krijt, dat er oerpleatst wurdt nei Dútslân.
Yn Dútslân hat er honger, swier wurk, loftalaarm en altyd wer de eangst dat er wat ferkeards docht en dêr foar straft wurdt. Dat lêste bart as er nei in ynsidint trije wike lang opsletten wurdt yn in bunker. Hy hat der klaustrofoby oan oerhâlden.

Yn 2018 fertelde Dupon yn syn eigen doarp Garyp oan groep 8 fan de basisskoalle wat er belibbe hat yn de lêste jierren fan de oarloch. It radioprogramma Buro de Vries wie dêr by.

As er thúskomt nei de befrijing hat Dupon it dreech. Minsken binne net bliid dat er werom is, mar se sjogge him mei de nekke oan. Omdat er yn Dútslân wurke hie foar de Dútsers. "Dan ha jo sa'n soad ellinde meimakke en dan wurdt der sá reagearre... dat fielt as in dolkstek yn de rêch."

Triennen

Dupon praat mei net ien oer wat er allegear belibbe hat. Syn soan trunet dêr wol op oan: "As heit it no opskriuwt, dan kin heit it fan him ôfskriuwe en tagelyk witte wy wat heit meimakke hat." Mar hy kin it net. "Ik kóe it gewoan net."
Dochs rêdt er it op. Hy is dan 74 jier. Twa dagen sit er te skriuwen en dan lit er it syn frou lêze. Sy lêst it en de triennen rôlje har oer de wangen. Sy seit tsjin him dat it moai is, dat er it opskreaun hat. Dat se bliid is te witten wat er meimakke hat en dat it goed foar him is.
Hy fielt ek dat it goed is, hy fielt him ferromme. En mei dat er it ferhaal op papier tafertroud hie, koe er der ek oer prate.
De bern fan de basisskoalle yn Garyp wiene djip ûnder de yndruk. Nei ôfrin sei ien fan de skoalbern dat er it in spannend ferhaal fûn. "As ik seker wist dat ik it oerlibje soe en gjin pine ha soe, dan hie ik it ek wol meimeitsje wollen", sa sei er. Dupon reagearre: "Ik winskje it net ien ta, jonge, ik winskje it net ien ta..."

(Bron: Omrop Fryslân)

 

Lees meer over Foppe Dupon en lees zijn zelf geschreven verhaal

Rabskute.JPG

 'De Rabbelskûte' 22e jaargang nr. 5 van 12 juli 2019 is uit. De Garipersite heeft weer enkele artikelen voor u overgenomen.

De volgende Rabbelskûte verschijnt op 13 september 2019.
Kopij inleveren uiterlijk vrijdag 6 september om 19:00 uur bij Anne Albada, Feanhústerpaad 12, 9263 RN in Garyp.
Zo mogelijk via het e-mailadres van de dorpskrant derabbelskute@gmail.com

Collecterooster 2019

  • 02-09 t/m 08-09 KWF Kankerbestrijding
  • 09-09 t/m 15-09 Prinses Beatrix Spierfonds
  • 16-09 t/m 22-09 Nierstichting