Markante Garipers

Lút van der Molen


As ik de namme Lút van der Molen neam wol it my net oan dat der noch Rabbelskûtelêzers binne dy’t him net kenne. Lút is ommers fjirtich jier by de post west yn Garyp en koe dêrtroch ek alle Gariper hûshâldings. Hja koene him fansels ek as Lút post.
Mar Lút is ek altiten in trouwe ynstjoerder west fan kopij foar de Rabbelskûte. It gyng meastentiids om Fryske kopij, siswizen en gedichten en sa. Hy stjoerde faaks mear yn as de redaksje pleatse koe.

LutvdMolenYn it begjin, sa’n acht, njoggen jier lyn, wie it meastentiids skreaune tekst. Letter, Lút wie doe al achter yn ‘e santich, begûn Lút noch mei de kompjûter te set en kriich de redaksje de tekst oandroegen op in diskette.
Lút stie ek oan it begjin fan de Rabbelskûte. Doe’t de redaksje foar de earste kear byinoar kaam en der in namme betocht wurde moast gyng der in briefke by de doarren lâns. Gâns minsken kamen mei in namme sa as “it Gariper kertierke”. Mar út de slûf fan Lút van der Molen kaam in briefke mei wol tsien nijsgjirrige nammen. Ien dêr fan wie de namme Rabbelskûte en dy hat de redaksje doe keazen. De redaksje beskôget Lút dan ek noch hieltiten as in soart earelid fan de doarpskrante.
Mar Lút hat yn syn libben mear nammen betocht foar de Gariper mienskip. Sa hat er doedestiids de namme betocht fan de beukerskoalle oan de Lubwei: “De Siedfuorge”. Mar ek de namme fan de dûnsklup “Mei fertier fan de flier” komt fan it brein fan van der Molen.

Lút van der Molen is berne yn Garyp op 15 april 1919 en is dus no al 86 jier. Hy wennet sûnt 4 oktober 2004 nei ’t sin yn Berchhiem. Hy moetet der fansels ek altyd in soad Garipers en dat is prachtich fansels. It ferstjerren fan syn frou, sa’n 13 jier lyn, hat in swier stimpel op syn lettere libben drukt. Mar ek it ferstjerren fan syn maat út Warten, Durk de Vries en syn lettere dânsfreondinne út Surhústerfean hakken der yn. Lokkich hat er de bern noch en buorfrou ‘Wessels Anne’ hat in protte foar him betsjutten. “Dy frou hat in soad foar my dien, it is ien út tûzend”, seit Lút.

In part fan it libben fan Lút van der Molen fine wy ek werom yn it stik fan syn heit Marten. Lút kaam út in muzikale hûshâlding en hâldt noch hieltiten in protte fan muzyk en dan foaral fan klassike muzyk fan Bach. Sa hat oargeliste Ineke Kooistra him oan 11 bannen muzyk fan Bach holpen. Ek it folksdûnsjen op muzyk hat altyd in soad foar him bestjutten.

Lút is opwoeksen yn de earme tiid, mar kaam út in lokkige hûshâlding. As jonkje gyng er ris mei syn heit nei Drachten om nije skuon foar 99 sinten. Dat wie doe in hiele útjefte, mar je wiene der dan ek tige grutsk op. Hy hat nei skoaltiid noch in setsje wurke by Hindrik Kûpers as redensmakker en letter hie er in krantewyk. Doe’t er dêrnei by de PTT begjinne koe wie dat in stik bûter yn de brij. Hja droegen doe as wurkklean swarte lekkense klean mei koperen knopen en in djoer embleem fan de PTT derop. Mei sa’n pak oan, dan wienen jo wat. “De klean wiene doe folle moaier as no” fynt Lút. Hy moast doedestiids wol moarns om fiif oere begjinne oant middeis twa oere. Jûns gyng er dan noch postrinnen yn Earnewâld. De post waard moarns ôfhelle by it Read Hert of de bûterfabryk yn Burgum. It barde ek wolris dat er jûns om 8 oere noch oantekene stikken nei Feanwâlden op de trein bringe moast. Sa fytste Lút 40 jier troch waar en wyn. Soms fytste hy ek op saterdei mei syn maat Durk de Vries en de froulju wol tochten fan sa’n 100 km.

Mar ek nei syn pensjoen bliuw Lút fytsen. Sa is er mei syn maat al ris op de fyts nei Roemenië fytst. Letter binne hja der noch ris west mar gyngen doe earst mei de bus nei Boedapest en doe fierder op de fyts. Sa hiene hja ûnderweis op in kear jûns om alve oere noch gjin sliepplak fûn. Hja hiene ek mar twa koekjes mear en de kofje hiene se bereard yn kâld wetter. Letter fûnen hja dochs noch plak. Hja sliepten wol ris yn it lân of earne yn ‘e boskjes. Jo moatte dan betinke dat Lút doe al 74 jier wie. Mar hja hawwe ek noch 2 kear nij Ruslân west en nei Israel. Letter joegen de mannen tegearre presintaasjes mei diafoarstellings oan de frouljusferienings yn Garyp, Warten en Drachten. Lút mist Durk noch tige nei’t er hommels ferstoarn is oan kanker. Dochs kin van der Molen op in machtich libben wer werom sjen mei in lokkige hûshâlding en hy sjocht dat yn ‘e bern wer werom. Mar ek mei de skoandochters hat er it troffen; Foekje fan Jan fan it Tsjerkepaed en Anita fan soan Marten út de Jouwer.
 
In bysûndere perioade út it libben fan Lút van der Molen wie de oarlochstiid. Hy hat meimakke hoe’t Rotterdam bombardeare waard en hokfoar gefolgen as dat joech. Lút siet yn it leger by de geneeskundige troepen en wie legere yn in hospitaal by Gouda. Fan út dat stee seagen hja de fleantugen en de reek boppe de havenstêd. Hja moasten mei in groep fan tolve man fia Pijnacker nei Rotterdam, mar ek dat wie tige gefaarlik. Lút wie doe korporaal. Lút syn maat Theunissen waard mei in mitrailleur deasketten op it talud fan in brêge. Boppe Delft koene hja al sjen dat Rotterdam plat baarnt wie. Doe’t hja yn Rotterdam oankamen seach it der mâl út. It baarnde noch hjir en der en it wie ien stik reek. De taak fan it peloton wie ferwûne minsken ôf te fieren nei in hospitaal. Mar och, wat seagen dy minsken der út. Hja hellen minsken ûnder it pún wei en soms út kelders. Derby  hiene hja wol ynstruksjes. Earst moasten hja ferwûne soldaten helpe en dêrnei pas de boargers. Fan de soldaten moasten earst de licht ferwûnen holpen wurde, sadat dy gau wer mei fjochtsje koene. Dêrnei wurden de swierferwûne minsken holpen.
Lút krige der aardich wat erfaring yn it oanlizzen fan bloedtransfúzjes. Dat hat him yn it lettere libben noch ris wer fertuten dien. Doe’t de jonge hûsdokter Heeringa yn Garyp in bloedtransfúzje oanlizze moast en der mei oan wie, frege hy postboade van der Molen hoe dat moast. Lút hat dokter dêr doe by holpen.
Lykwols wie it fersoargjen fan de ferwûnen ûnder drege omstannichheden net in maklike taak. Hja hiene ek hast gjin wapens by de Geneeskundige troepen; net mear dan ien revolver. Neffens Lút koene jo dêr seis kear mei sjitte en ien kear mei goaie. Mar op in dei barde der wat moais. Wylst hja ferwûnen út it pún hellen hearde Lút immen roppen. It wie Germ de Graaf (heit fan Joop de Graaf) út Garyp. Hy wie kriichsgefangene en wie opsletten mar koe troch it peloton fan Lút wer befrijd wurde. Germ en Lút binne nei oardel moanne wer nei hûs ta setten. It Nederlânske leger hie kapituleare, dat de mannen namen de trein nei Utert. Fierder gyng de trein net en sa hawwe de mannen dagen rûn nei Swolle. Mar der wie gjin brêge oer de Isel, dat hja moasten in boat sjarterje om oan de oare kant te kommen. Letter slaggen hja der yn om mei in bakfyts yn ‘e stêd te kommen en doe mei de trein fia Grins nei Feanwâlden en doe wer rinne nei hûs. De mannen wiene heal úthongere, mar krigen by Quatrebras by minsken thús in miel iten oanbean. Nei iten koene hja meiride mei Pôpe Zandstra, dy’t fan de Frija fabryk yn Feanwâlden nei Garyp ried.

Doe’t Lút út Rotterdam wei wer thús wie kaam er ridlikgau wer by de post. Hy koe soms oan de poststikken sjen as minsken gefaar rûnen. Lút siet sels ek by de ûndergrondse. Hja krigen doe noch les yn it hûs fan Laurens Hengst. Letter moast Lút sels ek ûnderdûke en kaam terjochte by Tseard Hoekstra yn de Harkema. Letter moasten hja fanwege in razzia oar plak sykje en Lút kaam terjochte yn it Eibertshiem yn Earnewâld. Letter kaam ek yn Earnewâld in razzia en de ûnderdûkers moasten de hiele dei sûnder iten en drinken yn it hea beskûle bliuwe. Lokkich binne hja net fûn.

Lút fan der Molen hat sa al hiel wat belibbe. Yn Garyp hikke en tein wie der in doarpsman fan komsa. As postboade wie der fjirtich jier in stikje fan it doarp wurden mar ek op oare mêden hat er syn paadsje wol skjinfage. Hy wie en is noch hieltiten tige belutsen by de Gariper doarpsmienskip. As doarpskrante ha wy ek in soad oan him te tankjen. In man, dy’t ek yn dizze tiid syn stimpel noch drukt op de doarpsmienskip. Wa wit sjogge wy nochris in stikje fan him yn de Rabbelskûte.

Gjalt Faber

(Bron: 'De Rabbelskûte', dorpskrant van Garyp, 18 november 2005)

totop
Rabskute.JPG

 'De Rabbelskûte' 22e jaargang nr.1 van 28 septemberi 2018 is uit.

De Garipersite heeft weer enkele artikelen voor u overgenomen.

De volgende Rabbelskûte verschijnt op 14 december 2018.
Kopij inleveren uiterlijk vrijdag 7 december 2018 om 19.00 uur bij Anne Albada, Feanhústerpaad 12, 9263 RN in Garyp.
Zo mogelijk via het e-mail adres van de dorpskrant derabbelskute@gmail.com


Degenen die daar prijs op stellen kunnen via bovenstaand e-mailadres een digitale versie van de Rabbelskûte aanvragen.

Collecterooster 2018

24-09 t/m 29-09 Handicap.nl
30-09 t/m 06-10 Dierenbescherming
07-10 t/m 13-10 Nederlandse Brandwonden Stichting
28-10 t/m 03-11 Diabetes Fonds Nederland
04-11 t/m 10-11 Alzheimer Nederland
11-11 t/m 17-11 NSGK (Nederlandse Stichting voor het Gehandicapte Kind)
18-11 t/m 24-11 Nationaal MS Fonds
25-11 t/m 01-12 Leger des Heils