Skip to main content

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 7de Jaargang Nr.6, 20 augustus 2004)

Markante Garipers

It libben fan de keunstskilder en skriuwer Pier Feddema

Yn de foarige generaasje hat Garyp in tal ferneamde skriuwers en keunstskilders fuortbrocht. De Rabbelskûte bestege al earder oandacht oan Jan Hoogstins, Klaas Koopmans en Sipke Veenstra. Mar der wie noch in keunstner doedestiids yn Garyp wenjende, dy’t syn paadsje op it mêd fan de keunst wol skjin fage hat. It giet om de keunstskilder en skriuwer Pier Feddema. Feddema wie net in Gariper fan komôf, mar hat fan 1969 oant 1979 yn it wenspultsje op de Westerein 3 wenne, dêr’t no Jan Bylsma wennet. Hy hie doe ek in soart kontakt mei Jan Hoogstins, dy’t doe achter him wenne. Mei Klaas Koopmans, Jan van der Bij, Sjoerd Huizinga en Jaap Rusticus foarmen hja de skildersgroep ‘Yn ‘e line’, in groep dy’t harren mei hert en siel taleinen op ekspresjonistysk tekenjen en skilderjen. Hja kamen yn en nei de oarloch ien kear yn de moanne byinoar om de wurken te besprekken.
Pier FeddemaFan út Garyp ferhuzen de Feddema’s nei Balk, dêr’t Feddema fiif jier letter stoarn is. Frou Feddema wennet der lykwols noch hieltyd, al moat hja it yn ferbân mei hertklachten wol rêstich oan dwaan.
De Feddema’s krigen fjouwer bern, dêr’t der lykwols al twa fan stoarn binne.

Mar wa wie no krekt Pier Feddema. Wêr kaam er wei en wat driuw him. Jellie de Boer en ik teagen op in moaie jûn yn july nei Balk nei Tiete Feddema, de widdo fan Pier Feddema. Yn in hûs mei in prachtige tún moeten wy frou Feddema. Boppe de skoarstien hinge in skilderij fan ‘de ierappelsyksters’ fan 1951. Hjir en der hongen tekeningen en printsjes fan Feddema. Achter yn it hûs is it atelier, dat in wiere skatkeamer fan keunst blykte te wêzen.
Geande de jûn koene wy in aardich byld fan Feddema foarmje troch it ferhaal fan syn frou Tiete en de wurken dy’t wy sjen mochten.

Pier Feddema is berne yn 1912 yn Anjum as boeresoan en stoar yn 1983 yn Balk op syn lêste wenstee.
Troch in mankemint oan ‘e foet koe er gjin boer wurde en is doe yn it ûnderwiis gong. Hoewol ‘t er altyd al oeral op tekene en sketste wie doedestiids in keunstakademy te heech grepen sadat learaar syn foarlân waard. Syn earste skoalle wie te Wynjewâld en letter yn Aldwâld. Dêrnei waard er learaar oan de HBS te Drachten. Hy joech benammen tekenles, mar ek Frysk en Ingelsk.
Yn de oarloch yn Aldwâld hiene hja twa ûnderdûkers, dy’t ek keunstskilder wiene, dy letter soargen dat hja yn de stêd Grins kamen. Yn dy tiid hat de skilderskeunst by Feddema in grutte ûntjouwing trochmakke.
Mar Feddema hie mear yn hûs as alinne skilderjen en tekenje.

Ferlerne Soan
akwarel 'De ferlerne soan'
Hy hat it ek noch brocht ta in ferneamd skriuwer. Sa skriuw er it sels yllustreare jongesboek ‘Jonges fan Gaasterlân’ en de boeken ‘Gods terskflier’ en ‘Brekkende Branning’.
Feddema hat ek noch besocht te byldhouwen, mar dat is net tige slagge. Hy wie wol in muzykleafhawwer en mocht ek graach sjonge. Hy mocht ek graach pianospylje. Doe’t er yn Garyp ris op de piano oan it spyljen wie kaam buorman Hielke, dy’t frege: “kinne jo op dat wearelds ding wol psalmen spylje?”. No, dat koe Feddema wol en efkes letter spile hy in pear psalmen en Hielke en Pier songen as klysters.
Yn ‘e HBS-tiid socht Feddema yn ‘e omkriten fan Drachten om in hûs en kamen yn kontakt mei Folkert en Boukje dy har komelkersspultsje fan de hân dwaan woene. De gemeente hie it lân al kocht foar de útwreiding fan it plan Ljippenstâl. Folkert wie in netsjes man en hie al in heger bod fan in leanbedriuw foar it spultsje, mar it griisde him oan dat de grutte trekkers syn skoandere tún ferrinnewearje soene, dat hy die de Feddema’s gelok. Frou Feddema fûn it der altyd gesellich mei de húshâldskoalle der tsjinoer, dêr’t hja dan ek in soad taholde om ferskate putsjes te dwaan.

 

Pier Feddema hie yn dy tiid al in soad skildere, benammen houtskoal, mar ek akwarellen en ferve skilderijen. Feddema skildere benammen saken mei in grutte maatskiplike wearde en lei syn gefoel en emoasje deryn lykas ek de ekspresjonistyske skilder Klaas Koopmans dat koe. “Pier skildere foar de minsken, de leafde foar de minsken, de natoer en it lânskip” fertelt frou Feddema. Hy hechte lykwols tige oan it oardiel fan syn frou. As dy sei “hâld mar op fan griemen”, dan die er dat ek. Frou Feddema hie lykwols in soad kleurgefoel en koe him der tige yn stypje. Feddema hie lykwols net folle stipe fan syn famylje. Die hiene ek gjin gefoel foar de emosjonele en maatskiplike wearde fan de wurken. It ienichste dat harren ynteressearre wie hoefolle as in skilderij opbrocht.
Nijsgjirrich binne de skilderijen fan it Amelân, de merktekeningen lykas hynstemerken, kafees, it dwaan en litten fan minsken. Foaral ek de hâlding fan de minsken en de achterlizzende geast wie foar Feddema tige wichtich.

Hielke en Pim
tekeninkje Hielke en Pim
Jongsma op wei nei tsjerke

Nei it petear by de kofje naam frou Feddema Jellie en my mei nei it atelier. Oeral leine en hingen wurken. In grutte hingkast mei skilderijen, mar ek steapels sketsen, skriften mei tekeningen en gewoane kladblokken fol mei sketskes fan dagelikse tafereeltsjes. Der stiene ek doazen fol mei tekeningen. Der wie ek in selsportret en in tal skilderijen fan frou Feddema en bern. Ek seagen we skilderijen dy’t Feddema makke hat fan Jan Hoogstins, Jaap Rusticus en Klaas Koopmans. In nuveraardich skilderij oan de wand wie ‘Blonde Miep’, dy’t skildere wie tidens in besyk fan ‘yn ‘e line’ oan de Wallen. Hja mochten dêr froulju skilderje foar in ôfprate priis, mar binne lykwols letter sûnder te beteljen útnaaid. In oar nijsgjirrich skilderij is “famke út asosjaal gesin’. Ek sjogge jo skilderijen fan lânskippen en stêden út Ingelân, Whales en Skotlân, mar ek út Frankryk, Kanada en Denemarken. Fierders falt it each op It Frouwekafee, in soldaat, in bearke, in tsjerkje, in stimhokje en ferskate ekspressive koppen.
Dit is it wurk fan in begaafd man, in natuertalint, in folksman, in man mei leafde foar minsk en dier, de natuer, de skepping. Yn Balk hat Feddema noch trije jier skildere. Dêrnei kriich er sûnensklachten en fûn doe it skilderjen mar ‘idel gedoch’. De penselen, fyltsjes en sokssawat hinne lizze lykwols noch krekt sa yn it atelier as doe’t er opholde te skilderjen.

Westerein 3
akwarel hûs Westerein 3 Garyp

Yn 1975 makke Feddema in paginagrutte tekening foar de krante Actief, dêr’t de frou in gedicht by makke. Oeral yn Fryslân binne eksposysjes holden, want it wurk moat ûnder de minsken. “Pier hat it foar de minsken dien” seit frou Feddema. De lêste tiid komt dat der lykwols net sa folle mear fan. Yn 2002 is der noch in krystútstalling west yn Eastermar, dêr’t ek in soan fan Feddema wennet.
Frou Feddema soe lykwols noch graach in eksposysje yn Balk organisearje wolle.

Feddema wie behâldend, grifformeard en in steil persoan. Inerlik hie er lykwols mear kanten en de ferskate streamingen kamen yn syn wurk ta útdrukking. Pier hat altyd skildere en tekene en hat syn spoaren dúdlik achterlitten. Hy hie ek in protte tiid. It ûnderwiis gyng him maklik ôf en thús die er eins nearne in hantaast yn ‘e hûshâlding. De frou paste op de bern en joech har man ek de rûmte te skilderjen. Feddema siet tige fêst oan it tradisjonele rollepatroan en holde sadwaande in soad tiid oer te skilderjen. Hy hat syn talinten net begroeven mar der goed mei woekere. Dat docht wol bliken út it tal skilderijen dat wy yn it atelier seagen. En dan steane der ek noch in soad yn doazen op ‘e solder. “Mar it oantal is net wichtich”, seit frou Feddema. “It giet om de kracht dy’t der út sprekt”. Dat erfare ek de minsken en ynstânsjes dy ‘t in skilderij fan Feddema kocht hawwe. En dat witte ek Jan en Foekje van der Molen fan it Tsjerkepaad, dy’t ien fan de moaiste oaljeferve skilderijen fan Feddema yn ‘e hûs hingjen hawwe: Trije kij mei giel deromhinne. Ferbjusterjend moai!

Tekst: Gjalt Faber mei stipe fan Jellie de Boer
Boarne: Widdo Tiete Feddema

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 7de Jaargang Nr.6, 20 augustus 2004)

totop

Willem de Haan: de oudste inwoner van Garyp

door Elma van Lier

GARYP - Willem de Haan (96) praat wat binnensmonds en wordt regelmatig overstemd door een luid zingende kanarie. Dat weerhoudt hem er niet van te vertellen over een lang leven van hard werken, over de oorlog en het bombardement van Rotterdam. Zijn zoon en schoondochter zitten ook rond de tafel. Hij geniet duidelijk van alle luisterende oren.

WillemdeHaanDe voorjaarszon valt volop binnen in het woudhuisje waar Willem geboren werd en - weer - woont. "Toen ik drie jaar was verhuisden wij naar Sumarreheide en werd het huisje verhuurd. Maar het bleef in de familie en toen ik in 1939 trouwde met Zus Nicolai hebben wij het eerst gehuurd en later gekocht. Het kostte 2000 gulden en dat had ik bij elkaar gespaard. Mensen hebben nu veel te veel schulden en je ziet dat het dan niet goed gaat."

Willem gaat al vroeg aan het werk. Zo rond zijn vijftiende wordt hij een gewilde 'molkfeint'. De boeren kunnen een knechtje die goed kan melken best gebruiken. "Toen ik bij een boer onder Leeuwarden werkte, liep ik heen en weer terug naar het werk, dat deed je gewoon, maar toen moest ik in dienst en toen kwam ook de oorlog. lk lag bij Haarlem en we gingen Iepenburg bewaken, maar de Duitsers waren veel te sterk. Vanuit de verte heb ik het bombardement van Rotterdam gezien. Heel erg."

En later, de Duitsers in het dorp: "Twee razzia's heb ik meegemaakt. Bij de laatste bonsden ze op de deur, ik schoot de kelder in." Hij wijst naar het slaapkamertje achter zich. "Daar zat ik, de Duitser stond op een meter afstand. Waar ik wel was, vroeg hij Zus. Die vertelde dat ik in het ziekenhuis lag. Maar, onze jongste dochter was ook in de kamer; in de kelder klopte het hart me in de keel. Stel je voor dat ze me zou verraden..." Ondanks dit spannende gebeuren spreekt Willem mild over de Duitsers. "Het waren ook maar gewoon jongens zoals wij, aardige jongens."

Na de oorlog was de werkeloosheid hoog. Willem krijgt werk via werkverschaffingsprojecten, zoals het aanleggen van sportvelden en onderhouden van heidevelden. Daarna heeft hij veel bazen gehad. lk vond steeds wel werk, want ik kon goed met mensen". Als hij vijfenvijftig is wordt hij alsnog eigen baas. "lk had gespaard, we konden een beetje geld lenen en daarmee kochten we twee 'pûnsmiet' land (een pûnsmiet is 36,74 are. Red.). We huurden nog wat grond erbij en we mochten bermen hooien. Zo konden we ons eigen bedrijf opbouwen met uiteindelijk wel dertig stuks vee. Dat was een goede tijd".

ln de kamer hangt een spreukentegel: 'Wie als vriend hier binnen gaat, komt nooit te vroeg, altijd te laat'. Bij de familie de Haan stond en staat altijd een kan met koffie op de tafel. "Wij hadden altijd veel aanloop. Maar toen stierf in 1988 Zus. Dat was een 'minne' tijd, want niet alleen was zij er niet meer, ook de maten van vroeger verdwenen één voor één". Willem heeft in die periode veel steun aan zijn geloof. "Bidden, veel meer kon je niet doen. Maar dat heeft me wel geholpen".

Tot vorig jaar scharrelde Willem nog volop om het huis, maar nu begint de leeftijd zijn tol te eisen. Komt hij nog wel eens van het erf? "Vroeger was ik naar het stembureau gegaan, want dat hield ik allemaal goed bij. Lubbers was een uitblinker! Dit keer stemt mijn zoon voor me. Dat is belangrijk, want de rijken passen te goed op zichzelf. We hebben nu een voedselbank. Vroeger hadden we alleen een gaarkeuken in de oorlog. De mensen hebben te veel schulden, dat komt door de banken. Maar ik klaag niet hoor", om zich heen wijzend: "ik heb het goed". De kanarie valt hem luid zingend bij.

(bron: weekblad Actief, 'Unfolsleine Tiid', 26 maart 2014)

 

totop