Markante Garipers
Marten van der Molen
In oantal nûmers lyn hawwe wy ris skreaun oer Adolf Dykstra. Hy hie benammen in hiel soart foar de muzyk yn it doarp dien. Mar der is noch immen dy’t him yn it ferline tige ynspant hat foar de muzyk yn Garyp. Dat wie Marten van der Molen, de heit fan Lút van der Molen, dy’t no al wer in setsje yn Berchhiem sit.
Mar wa wie Marten van der Molen eins? Marten is berne op seis augustus 1893 yn Tytsjerk. Hy is stoarn yn Garyp op 9 augustus 1970. Hy is troud mei Grietsje Hietkamp, dêr’t er 53 lokkige jierren mei trochbrocht hat. Hja krigen 5 bern, werfan ien gauëftich nei de berte stoarn is. Grietsje wie de dochter fan de doarpsomropper Aldert Hietkamp.
Marten en Grietsje kamen earst te wenjen op it stee dêr’t no Piet en Ineke de Jong wenje. Letter gyngen hja nei it stee dêr’t no Kees Wartena wennet. Doedestiids wie dat in hûs mei in dûbele foarein, dêr’t hja de helte fan bewennen. Mar de langste tiid wennen hja op it Tsjerkepaad, dêr’t hja yn in nij boud hûs wennen op it stee fan Jan Kobus. Marten hie der in grientewinkeltsje. Achter it hûs wie doe in grutte grientetún, dêr’t Marten bygelyks woartels ferboude. Griente, dy’t Marten sels net ferboude, kaam fan ‘e feiling fan Ljouwert. De frachtfarders Van der Veen en Goarter hellen de griente der mei it skip wei. It foel doe net ta om fan de grientewinkel te bestean. Yn ‘e tritiger jierren wie it klearebarre earmoed en yn ‘e oarloch ferbouden ek hieltyd mear minsken harren eigen griente, sadat der foar Marten minder hannel wie. Lokkich fertsjinne Grietsje wat by mei bakerjen, sadat je doe ek al sizze koene dat hja twafertsjinners wiene. Marten holp trouwens ek noch wol faak by in boer en dan die de frou de winkel.
In soad doarpsgenoaten fan boppe de fjirtich sil him grif noch wol kend hawwe. Marten syn stopwurdsje wie “is’t net sa”. Doe’t ik Lút van der Molen frege, werom syn heit yn feiten in markante Gariper wie, sei Lút: “fanwege de muzyk”. Doe’t ik frege oft er ek noch hobbys hie, sei Lút: “allinne mar muzyk”. Doe’t ik frege oft er oars yn it doarp ek noch wat om hannen hie of yn bestjoeren siet, sei Lút: “allinne mar by de muzyk”. Marten van der Molen wie ien en al muzyk! Hy hat in hiele generaasje út it doarp muzykles jûn. In generaasje dy’t no hast
útstoarn is. Teade Hinnes Smedes, is wat dat oanbelanget, ien fan de lêsten der Mohaikanen. Hy krige noch les fan Marten. Mar ek Teade Douma, dy’t koartlyn ferstoarn is, wie ien fan syn learlingen. Marten hâlde syn learlingen wol yn ‘e gaten. As guon ris te lang op de dyk om didelen, rôp er:
“Hé jonge, hast dyn muzykles al goed ûnder de knibbels?”
Dochs koe Marten sels yn it begjin ek gjin noaten lêze.
Syn mem hat it him noch noaten leard út it psalmboekje.
Net allinne oan in oar joech Marten les. Ek syn eigen bern krigen fansels muzykles fan him. Dat wie bygelyks Eel, dy’t op fiifjierrige leeftyd al op tromp sloech, doe’t der yn Burgum op it festival by it Read Hert syn premiêre makke. It lytse baaske moast doe noch efkes apart nei foaren komme en by de sjuery ferskine. Letter spile Eel (of Eeltsje) trompet. Lút wie de twadde soan en hy spile de es-bas. Dan kaam soan Aldert, dy spile op de saksofoan. En dan wie der noch de dochter Cor, dy spile op de wâldhoarn. Heit Marten sels spile op de tuba. It is wol dúdlik dat wy hjir mei in hiele muzikale famylje te krijen ha. As der jûnpraters kamen moast der grif efkes spile wurde. Mar ek as de buorlju besite krigen waard der faak fregen oft de famylje Van der Molen efkes foar harren spylje woe. Dat woene hja steefêst wol, want Marten wie tige grutsk op syn muzikale hûshâlding.
Mar it aldermoaiste yn dy tiid wiene de sneintemiddeis. Marten en Grietsje en de hûshâlding wennen doe op it Tsjerkepaad, dêr’t no Jan en Gerbrich Kobus wenje. Sneintemiddeis siet de famylje van der Molen dan yn de eftertún te spyljen. En sa’t jimme wol witte hat Garyp fan âlds in sterke kuiertradysje. Benammen sneintemiddeis nei tsjerketiid gyng hiel Garyp massaal te kuierjen. As de famylje Van der Molen dan yn ‘e tún siet te spyljen wie it op it Tsjerkepaad in drokte fan belang. De minsken bliuwen op de dyk stean te harkjen of kamen efkes yn ‘e tún stean. Spitigernôch is dy tradysje ferlern gong. Der wurd noch wol kuiere, mar net mear sa as doedestiids. En ik ha noch nea meimakke dat Jan en Gerbrich mei de hiele hûshâlding bûtendoar sieten te spyljen. Stel jo foar, Jan op it oargel en Gerbrich en de jonges op in oar ynstrumint en hiel Garyp der omhinne!
De oarloch moat foar Marten ekstra tryst west wêze om’t er doe net altyd spile wurde koe. De muzykynstruminten waarden op it lêst opburgen yn ‘e âld iepenbiere skoalle oan it Tsjerkepaad, dêr’t master Van der Bij doedestiids master wie.
In man as Marten van der Molen hat oars yn syn tiid troch de muzyk in soad fleur brocht yn ‘e hûshâlding en by it korps mei syn learlingen. Mar net allinne thús en by it korps. Nee! Dizze man, dy’t sels de noaten leard hat út it psalmboekje fan syn mem, hat fleur brocht yn ‘e hiele Gariper doarpsmienskip. Dêrom wie hy ek sa’n markante Gariper!
Tekst: Gjalt Faber
Ynfo: Lút van der Molen
(Bron: 'De Rabbelskûte', dorpskrant van Garyp)