(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 8ste Jaargang Nr.4, 22 april 2005)

Thúsbring Service alternatyf foar opheven buslinen

Op 9 jannewaris is de nije bustsjinstregeling fan NoordNed yngien. Troch Ryksbesunigings ferfalle in soad busritten, foaral yn de jûnsoeren en de wykeinen. Foaral de berikberens fan rom 80 lytse doarpen hat te lijen ûnder besunigings. De provinsje Fryslân hat NoordNed frege om mei in oplossing te kommen foar dy doarpen. Mei de ThúsbringService hopet de ferfiermaatskippij in reedlik alternatyf biede te kinnen.

De ThúsbringService is Iepenbier ferfier mei in taksy. De ThúsbringService rydt jûns nei doarpen, dêr’t nei ynfiering fan de nije tsjinstregeling gjin bus mear rydt. Reizgers kinne fan dy doarpen út nei in knooppunt reizgje, dêr’t sy fierder kinne mei it iepenbier ferfier. En in reizger kin fan in knooppunt út nei ien fan dy doarpen reizgje, mei de ThúsbringService.

Mear ynformaasje oer de ThúsbringService is te finen op www.noordned.com

Feriening Lytse Doarpen

(Uit: 'De Rabbelskûte' , dorpskrant van Garyp, 8ste Jaargang Nr.4, 22 april 2005)

totop
Rabskute.JPG

 'De Rabbelskûte' 23e jaargang nr.1 van 13 september 2019 is uit. De Garipersite heeft weer enkele artikelen voor u overgenomen.

De volgende Rabbelskûte verschijnt op 15 november 2019.
Kopij inleveren uiterlijk vrijdag 8 september om 19:00 uur bij Anne Albada, Feanhústerpaad 12, 9263 RN in Garyp.
Zo mogelijk via het e-mailadres van de dorpskrant derabbelskute@gmail.com

Collecterooster 2019

  • 18-11 t/m 24-11 Nationaal MS Fonds